Ealjebijen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Σφῆκες | |
auteur | Aristofanes | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 422 f.Kr. | |
1e opfiering | 422 f.Kr., Atene | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Ealjebijen | |
publikaasje | (net útjûn) | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Ealjebijen, yn it oarspronklike Aldgryksk: Σφῆκες, Sfēkes, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes (±446-±386 f.Kr.). It is in absurdistyske komeedzje dy't fertelt oer it besykjen fan in man om syn âlde heit fan in ferslaving oan sjuerytsjinst ôf te helpen. Saakkundigen beskôgje dit stik as it toanbyld fan it subsjenre fan 'e âlde komeedzje. Ealjebijen, dêr't Aristofanes it Ateenske rjochtssysteem mei op 'e hak naam, datearret fan 422 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus Lenaius. It waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.